zondag 10 oktober 2010

De frage

Doe kaem in frjemdling hoeden nei my ta
Syn klaed wie brún as fan de âlde mûntsen
Syn antlit dûnker as in hjerstge joun.

Ik seach syn eagen, frjemd as winterstjerren
Hja stiene strang, gjin laitsjen wie har hiem,
Hja stiene strang, mar sûnder wrede wille,
Hja wiene djip, sa djip as d' iivgens sels —
En op myn hjitte holle in kâlde hân
En doe in koarte, rimpne fraech: Bist ré?

In skett'ne fûgel, dy't it reade bloed
Dript út syn wounen, troch syn blanke fear,
Riist yn syn lêste krêft, en floddert roun,
En falt wer del — dan lûkt it wite fluea
Syn beevjende eagen oer — dan stjert er.

Sa kaem myn tinken wer. 'k Wist deun by my
De maitiid troch de teare gerskes gean,
En 't núndre oer de hege, griene dyk:
Dat wie de sé, dy't ik sa leave hie,
De tsjûge fan myn leafde en lok, myn sé,
De freon, dy't wist fan al myn striid en leed,
Dy't better my forstie as minksen dogge —

En 'k joech him stil myn lêste wémoedstrien.
Dit wie wol frjemd, dat 'k alles litte moast;
Ik seach de soarchsme gongen fan myn mem,
En 'k fielde al har noed oer myn wurge holle
As in forhearlikjende reinbôg' stean.
Dit wie foar 't lêst — en 't wie wol wûnder frjemd my;
Sa moai seach ik it nea — nou moast ik 't litte.

De sinnestriel, de lêste fan 'e joun,
Eardat er dûkt efter de heimge kym
Hy mimert lang soms om de moaiste blom
En aeit him nei syn ljocht en wol net gean,
En hillget dizze blom mei bloedge glâns
Fan stjerrend ljocht — dan komt syn skientme út
Jit moaijer, tearder as op helle middei.
O hja, myn blom, myn keninklike faem,
Deun by my stie hja — Frjemd, oars wie dit freugde
En stille blidens, as in goudne bij
Mids sinneglâns en rook fan blommen gounzjend,
Der like nou hwat tusken ús to hingjen,
In heimgje stiltme, dy't ik net forklearje koe —
Har holle, blank en kein as fan de fammen
Dy't yn har reade bloed as martleressen
Foar Jezus stoaren, en dy't nou forhearlike
Yn wite klean troch himels sealen gean
Sa seach ik har. Sa hie 'k har nea jit sjoen.
In trien dreau yn har ljochte en blinkende eagen;
Hja kaem hiel ticht, har mûle lústre tear:
'Myn leave jonge!' En doe wist ik 't wer.
Hoe wûnder dat 'k dit alles litte moast —
Ik skôge wer yn de eagen fan 'e frjemdling,
Dy wiene djip, sa djip as de iivgens sels,
En beevjend lústre 'k myn: 'Hear, ik bin ré — '.

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten