donderdag 7 oktober 2010

Sankje nei 't swyljen

Sang.


        It wirk is dien,
        En elk en ien
Nimt nou syn spillen op.
        No 'n moaije joun!
        't Is stil yn 't roun;
Forstomme is eltse rop.

        It sintsje dûk
        Sa gleaun en smûk
Djip wei yn 't koele nêst;
        Ek mosk en ljurk
        Rêste út fen 't wirk,
Gean ont moarnier to rêst

        Nou sjonge wy
        Sa blier en blij
Ta tank for disse dei;
        Wy swilen 't hea
        Mei flugge lea
Fen gear en ekers wei.

        Feindich het
        De sinne bredt;
It dripte ús fen de lea;
        Mar 't minske het
        As fêste wet:
To skrippen om syn brea.

        Nou het de boer
        By't winter foer
For hynzert en for kij;
        Gjin broei of skea
        Bidearre 't hea;
Det hoopje en bidde wy!

        Hwet ef me bou,
        As 't fruchten jowt
Den falt it wirk yen licht;
        As 't wierje wol,
        As 't waechsje wol,
Den docht me graech yens plicht.

        Lyts binne wy,
        Mar soun en fry
As 't fûgeltsje yn de loft;
        Wie 't wirk ek swier,
        Ho'n wille en tier
Jowt den it itensskoft!

        Allyk in bij,
        Sa wrotte wy,
Sa lyts is ús bistean;
        Mar d6erom kin'
        Mei 'n fleurich sin
Wy fry troch 't libben gean.

        Dêr stekt de toer
        De fjilden oer
Syn hege grize kop;
        Gau skeppe wy
        De tsjokke brij
Mei folle leppels op.

        Den gean' wy sêd
        En wirch op bêd,
En slomje swietwei yn;
        Heech oan de loft
        Dêr stiet fol noft
It moantsje yn silverskyn.

Pieter Jelles Troelstra

Geen opmerkingen:

Een reactie posten