zaterdag 28 augustus 2010

De ald beam

Dêr stiet er, de helpleaze hannen
Omheech yn wanhopich geklei
Iensum tsjin slettene loften
De âld beam yn 'e hjerstige dei.

Hoe kreakje en kreune syn tûken!
De stoarmwyn forware syn klean —
Hiel 't leed en de wémoed fan 't neijjier
Is yn syn âld stamme fearn.

Under syn earms forriisden
Wikseljend nacht en dei,
De sang fan 'e tiid rûze hinne
Heech oer syn holle foarby.

O beam tsjin 'e leadige loften,
O wrak yn 'e stoarm fan 'e wrâld
Al stietst mei de dea yn dyn ieren
Bleat en forlitten en kâld,

Al fielst dat dyn stamme forstoarn is,
Al sil gjin ûnthjittend leaf
Ut dyn toarre tûken wer flintrje —
Ik haw dy sa redeleas leaf!

En al sjoch ik dyn domme fordylgers
Wol kommen, al neijier oan —
Jit hoopje ik, yn hopeleas langstme
Op dyn maitiid, dyn nije moarn.

Fedde Schurer

woensdag 25 augustus 2010

Slieprige frijery

't Wol net eine mei det pearke:
Hja sa stiif en hy sa 'n sûch;
As frou Lot, sa steil sit Maeike;
Wopke wirdt ôfgryslik slûch.

Hwet to dwaen? — Op 't lêst seit Maeike,
Wol for d' âlfte of toalfte kear:
„Wopke nôch is rooke?” — „Rooke?
Tankje, ik rook... ik... rook net mear.&#8221 -

„Den in broadsje?” — „Tankje.” — „'n Pofke?” —
„Tankje.” — Den hwet rûkersguod?” —
„Nou” — hy gappet — „'k wird sa slieprich!
'k Woe... of né, ik moat mar foart.”

Pieter Jelles Troelstra

Frysk binnenhûs

Oan myn frieun Johannes Baarda

De mûrren, fen stientsjes opset,
Binn' nuvere himmel en skjin;
De minsken twisken dy mûrren
Ha 't wûndere bêst nei 't sin.

Heit het al grize hierren,
Dy tsjûge fen leed en striid.
In fleurich wyfke makke
Syn libbensmiddei bliid.

Hja wier it goudne sintsje
Det troch de wolken kaem,
En fen syn libbensfjilden
De tsjustere dampen naem.

Hja libbet yn syn libben;
Syn winsk det is hjar sin;
Hja kin hjar man nôch better
As hy him selme kin.

By 't finster yn de kakstoel,
Sit al hjar hope en lok;
Det lytse springerke makket
It d' âlden tige drok.

It is sa blank en sa mûtel
As 't wite wollige laem,
En kipet sa nij as it knopke,
Det krekt út de tûke kaem.

't Het yn hjar ljochtblauwe eachjes
In paradiis fol nocht;
Dêr lêze heit en mem yn
Fen lieafde, lok en ljocht.

Heit neamt it lytse famke
Syn „libbene gedicht”
For hjar en 't wiif to skreppen,
Det fâlt him och sa licht.

Mem wit net, hwa 't se 't lieafst het,
Hjar man of 't lytse bern;
De ljochtskyn fen hjar herte
Kin m' yn hjar eagen sjean.

It is in hearlik toanieltsje,
Dy trije mei elkoar,
Nou-t yn it West de sinne
Stiet for hjar gouden doar.

Heit, d' earm op memme skouder,
Wiist nei it mûtle bern;
Hja wirdt net wirch, om d' ingel.
Hjar ingel, oan to sjean.

Troch 't finster kipet it sintsje,
En forgiet hast fen de nocht,
En struit oer 't blanke berntsje
Syn lieaflik gouden ljocht.

„Dou bern, ljocht fen dyn âlden,
Dou minske, yet yn de knop,
O, groei ta 'n blom fen ús fjilden,
Ta 'n hearlik pronkbyld op!

„Biwarje altiid yn d' eachjes
Det kleare djippe blau;
O bliuw sa lang ast libbest,
Oan dyn berne-ienfâld trou.

„Wird ienkear in flinke Friezinne,
Fen holle en herte soun;
In sintsje for dyn âlden
Yn 'e libbens skimerjoun!”

Det lústert de sinne under 't sinken,
En laket en winkt sa blier;
Troch 't keammerke rûst in lofsang
Fol himelwille en tier.

Pieter Jelles Troelstra

Twa roazen

De dei hat in godlike jefte myn jown
Op myn wei ha 'k twa laitsjende roazen foun.

Heech sloech myn hert, doe't myn hân har omsleat:
De iene wie wyt en de oarde wie read.

Wyt dy, as de snie fan it winterske lân;
Read dizze, as in herte fan hertstoch yn brân.

'k Brocht stâlle nêst stâlle to drinken yn 't wiet;
't Wie moai as in dream dy't yn wierheit bistiet.

Mar hja doarsten net stean yn it steingjende ljocht;
De bûgjende tsjelken, de groun ha se socht.

En stâllen en blêdden ha 'k yneltsoar woun;
Sniewyt en bloedrea yn in hillich forboun.

Fan myn wite roas stiigde swijend in blêd —
Ik seach, it wie toar; it skeinde 'm net.

Nou sill' hja foriene to bloeijen stean
Oant it libben har wijt ta n bloeijend forgean.

Myn roazen, jim strieljende ienheit yn 't ljocht,
Hoe'n wûnder foar 't hert, dat har twiveljend socht…

Fedde Schurer