Oan myn frieun Johannes Baarda
De mûrren, fen stientsjes opset,
Binn' nuvere himmel en skjin;
De minsken twisken dy mûrren
Ha 't wûndere bêst nei 't sin.
Heit het al grize hierren,
Dy tsjûge fen leed en striid.
In fleurich wyfke makke
Syn libbensmiddei bliid.
Hja wier it goudne sintsje
Det troch de wolken kaem,
En fen syn libbensfjilden
De tsjustere dampen naem.
Hja libbet yn syn libben;
Syn winsk det is hjar sin;
Hja kin hjar man nôch better
As hy him selme kin.
By 't finster yn de kakstoel,
Sit al hjar hope en lok;
Det lytse springerke makket
It d' âlden tige drok.
It is sa blank en sa mûtel
As 't wite wollige laem,
En kipet sa nij as it knopke,
Det krekt út de tûke kaem.
't Het yn hjar ljochtblauwe eachjes
In paradiis fol nocht;
Dêr lêze heit en mem yn
Fen lieafde, lok en ljocht.
Heit neamt it lytse famke
Syn „libbene gedicht”
For hjar en 't wiif to skreppen,
Det fâlt him och sa licht.
Mem wit net, hwa 't se 't lieafst het,
Hjar man of 't lytse bern;
De ljochtskyn fen hjar herte
Kin m' yn hjar eagen sjean.
It is in hearlik toanieltsje,
Dy trije mei elkoar,
Nou-t yn it West de sinne
Stiet for hjar gouden doar.
Heit, d' earm op memme skouder,
Wiist nei it mûtle bern;
Hja wirdt net wirch, om d' ingel.
Hjar ingel, oan to sjean.
Troch 't finster kipet it sintsje,
En forgiet hast fen de nocht,
En struit oer 't blanke berntsje
Syn lieaflik gouden ljocht.
„Dou bern, ljocht fen dyn âlden,
Dou minske, yet yn de knop,
O, groei ta 'n blom fen ús fjilden,
Ta 'n hearlik pronkbyld op!
„Biwarje altiid yn d' eachjes
Det kleare djippe blau;
O bliuw sa lang ast libbest,
Oan dyn berne-ienfâld trou.
„Wird ienkear in flinke Friezinne,
Fen holle en herte soun;
In sintsje for dyn âlden
Yn 'e libbens skimerjoun!”
Det lústert de sinne under 't sinken,
En laket en winkt sa blier;
Troch 't keammerke rûst in lofsang
Fol himelwille en tier.
Pieter Jelles Troelstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten