Fen Hoatse mei syn Wobbel
To Boalswert yn 'e merke
Seach ik in famke gean.
Ik tocht, bern! hwet bistou tûk;
Sa jong en prûs, sa nuver smûk;
Ja, nuver smûk; (bis)
Sa tsjep yn sneinske klean.
Ik kaem hjar wer to mjitte,
En seach hjar bjuster oan.
Ik seach hjar oan, ik seach hjar nei;
Mar seach hjar my, den roun ik wei;
Ja, roun ik wei, (bis)
En like hast bistoarn.
Soms teach hja nei de kreammen,
En koft' hwet nije klean:
Mar hwet hja koft' en hwet hja die,
Ef hwet hja to binoaskjen hie,
Binoaskjen hie, (bis)
Hja moast my altyd sjên.
Den glûrke se oer it skouder
Krekt as 't in skjirkert wier!
En hwet hja glûpte, ef hwet hja seach,
Ik wier hjar nea net út it each,
Net út it each, (bis)
Al wier 'k ek noch sa fier.
De joun bigoun to kommen,
En 't foltsen gong to bier;
De famkes kuijren hân oan hân,
En hwet 'er wier yn 't Fryske lân,
Yn 't Fryske lan, (bis)
Moast nou ris oan 'e swier.
Myn makkers teagen hinne,
En namen elts in faem,
De pipen stieken se op 'e hoed,
En seinen: „Man! hwet bist' in bloed,
„Hwet bist' in bloed, (bis)
„Ik wist wol haw't ik naem.”
Myn bloed bigoun to koaitsen;
Ik wist to wrâld nin rie'.
Ik wier dochs yet mar sauntjin jier,
En nou al mei in faem to bier,
In faem to bier, (bis)
Dêr 'k nea nei dounse hie.
Nou stie ik by in kreamme
Fol koeke en swietekou;
Ik kocht hwet dúmkes for de bern,
En tocht' den dêrmei wei to tsjen,
Wer wei to tsjen; (bis)
Mar né, dat wier dêr, hou!
In hele rig'le fammen,
Dy kamen op my ta,
En tomm'len my dêr op it liif,
En seinen: „Man! dêr is dyn wiif,
„Dêr is dyn wiif; (bis)
Hwent Wobbel woestou ha.”
En Wobbel liet hjar sinke,
En patte as in wyld,
As pypkeniel oer rizenbrij,
Ja, noch wol swieter smakke't my,
Ja, smakke 't my, (bis)
Fen sokken aerdich byld.
En dêrmei ûnder 't dounsjen
En 't patsjen sûnder ein,
Sei Wobbel: „Hwerom stunest' sa?
„Dou woest my ommers land al ha,
„Ja, lang al ha, (bis)
„Ei! hiest' it my mar sein.”
„Dêr,” sei ik, „dêr, myn Wobbel!
„Dêr hast' myn rjuchterhân.
„Bliuw altyd rjucht en sljucht as nou;
„Hâld jimmer dy oan Fryske trou,
„Oan Fryske trou, (bis)
„Dêr is nin fêster bân!”
Eeltsje Halbertsma
Geen opmerkingen:
Een reactie posten