zaterdag 17 juli 2010

Togearre

Sjoch nou, hoe't de niigjende joun
Alle kleare kleuren forgrizet;
Sêft en hoeden de biidzjende wrâld
Mei wide frede oerdizet.

En leech oan 'e kym jit, de blinkjende hoarnen
Nei boppen streevjend
De giele, ljochte moanne,
It gea mei sluvrige glinsters oerweevjend.

't Is nou oft de stiltme, de hillige,
Us mei heimige wijing oerjit,
Wylst yn my wekket de rêstich-sillige
Wissens, dat 'k dy deun by my wit.

Leaf, alles yn dit earmtlik oard
Is tiidlik, wurdt mei ûren metten,
En al hwat moai is duorret koart -
Mar wy, wy ha dat joun forgetten.

Sa'n einleas lok, sa'n goudne stoun
Giet net foarby, wurdt nea forlern;
Wy woll' dizze iene, wide joun
As sûnder ein, as ivich sjen.

Neat witte wy fan moarn of juster,
Us swalkjend libben bart syn lean;
En by wrâlds twiivlich skimertsjuster
Sill' wy yn Leafde's ljochtglâns gean.

GOD hat ús libbens goudne poarte ûntsletten
En wy gean fearjend, licht, as Leafde' blide bern;
Wy hawwe ús tsjuster Doe foargoed forgetten,
En meije 't ljochtsjend Nou yn de eagen sjen

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten