Scil Fryslân Fryslân bliuwe?
In lân fol krêft en kriich en trou,
Weitse op den, Fryske ljuwe,
Fen wâld en fean, fen greide en bou!
Kom, âld skier laech! d' útwrydske wyn
Forspije as 't alderminst fenyn
Scil Fryslân Fryslân bliuwe?
Lit den de tael fen Gysbert-om
Heech nei de wolken kliuwe,
En sjonge ús lân ta ear en rom;
Lit yn dy sprake 't Fryske hert
Untlêstigje al syn wille en smert.
Scil Fryslân Fryslân bliuwe?
Hawar den, al dyn falske skyn
Fen disse groun fordriuwe;
Helje yn syn plak de wierheit yn,
En lit ús holle en hert en hân
Oer habbe for't lieaf heitelân.
Scil Fryslân Fryslân bliuwe?
Den moat de drege frydomsmin
Fen d'âlde Fryske ljuwe
Us nocht wêze en ús heechste sin.
Wy moatte fjuchtsje, stoer en steech,
Tsjin al hwet smoarch is, lêf en leech.
Scil Fryslân Fryslân bliuwe?
Ik frege 't hjir, ik freegje 't dêr;
En — 'k scoe 't hast net mear leauwe,
As 'k mannichien sims sjuch en hear,
En 'k tink wol jamk: mei'n blastich sin
Giet hele Fryslân op 'e rin.
Scil Fryslân Fryslân bliuwe?
Ja wis, sa lang 't er Friezen binn',
Dy, wêrs fen 't leffe en sleauwe,
Net fliuensk en krûpend wêze kinn',
Mar sokken, dy-t de heechste priis
Stelle op 'e namme: frije Fries.
Yet binn' der sokke ljuwe;
Hja hâlde steech oan 't wiere fêst,
Hwa-t ek yn tiids-stream driuwe,
Hja steane en fjuchtsje sûnder rêst
For wierheit, trou en Fryske sin,
For rjuchte en sljuchte frydomsmin.
Der binne swiere diken
Ta'n bolwirk om ús Fryslân lein,
Dêr moat de sé for wike,
Dêr is syn swiid biwâld oan d' ein;
Mar foar in stoere Fryske kop,
Dêr strûpt de freamdsin-sé foar op.
As sokken ús ûntteagen,
O hâld den, grime Noardersé,
Dyn skolperige weagen
For ús bismodze groun mar ré;
Kom op, forswolgje ús lân en fei
Ald Fryslâns plak fen d' ierde wei.
Scil Fryslân Fryslân bliuwe?
Kom Friezen, swarre wy fen ja!
Kom, strûze wetterlieuwen,
En wês de franske moade ba!
Nin basterskaei dochs binne wy,
Mar fromme Friezen, froed en fry.
Pieter Jelles Troelstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten