woensdag 14 juli 2010

'Welke taal spreekt u daar?'

Rjochtsaken Ljouwert.
Sitting 10 juny 1933.
Polysjerjochter Mr. Meihuizen. 

De tael fan mem en heit, fan beppe en pake,
De tael fan slachten her en ieuwen âld,
De tael dy't mear as hokker frjemde sprake
Syn oanklang yn it hert fan Fryslân hâldt.
Dy tael, dy't stoerens spriek foar keningstroanje,
Dy't frijheitsliet better as flaeiwurd foeg't:
De goede tael fan Gemme fan Burmanje:
'Foar God allinne is 't dat in Fries him bûcht!'
Dy tael dy't ieuwen stie en jitte stean mei,
Dy tael fan Gysbert Japicx' prinslik liet,
De tael hwaens blide jubel nêst ús gean mei,
As wer dit folk syn tiid en doel forstiet.
De tael dêr't Fryslân's jonkheit hjoed foar optsjocht,
De tael dy't ús in eare en rykdom bliuwt —
De tael dêr't, rjochter fan gewelt en ûnrjocht,
De dei fan moarn dyn oardiel yn biskriuwt!

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten