Hark! de sé set wer it stoarmliet yn;
Weagen sill' har wyldste weelden winne
En tsjin 't dinderjende damhaed rinne
Like bliid as hjoed in jier forlyn.
Sjoch, deselde grien-trochlofte skyn
Skimet troch it skomjend wûnder hinne,
En deselde rynske ûnthjittings binne
Yn 't rûzjend lûd fan wetterwiid en wyn —
Leafste, dizze dei sil hillich hjitte!
Hwant mei him kaem leafde ús ljocht tomjitte,
Unbitocht, as heech genede-lean —
Sjong dy mylde kening fan ús dagen
Weardich greatsk de kroan fan 't jier to dragen,
Sé, dyn moaiste sang fan leafde en dream!
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten