zaterdag 17 juli 2010

Treast

Nou is sa near de nachtloft oer dy kommen;
Nou stoar dyn stil forhoopjen, en dyn blier
Al libjen yn it lân fan ljocht en blommen —
't Like wreed needlot, bang, ûntôgber swier.

Né, fan dyn mûle ha 'k gjin klacht fornommen,
Mar út dyn each fordwoun de âlde tier.
Dyn winsken, dy't yn 't bliid forbiidzjen slommen,
Hja weitsen skriemend op en doarmje fier —

Leave, nou soe 'k sa graech dy treastgje wolle,
Mei teare en sêfte wurden dy omwine,
En noedzjend nêst dyn dûnkre drôvens gean,

En kuolje mei myn hân dyn hjitte holle —
Mar 't bêst bidoelen kin nou 't paed net fine;
Dyn herte is nei de mar fan de iensmens fearn.

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten