Lûd wie de dei; de wylde winen smieten
De weagen op ûnder jeijende loften;
En driigjend droanen wytbikoppe kloften
Op 't strân, by stoarm syn dinderjende lieten.
Nou is de jountiid hoedzjend komt; hja bûget
Har oer de hymjende ierd; har blik biskammet
De stoarm, dy't hinneslûpt; en rêstich ammet
De sé, in bern, dat nei lûd kriten slûget.
Nou beevje oan fiere kym, as eagen tear
Hwat ljochten troch de tsjusterjende joun
Elts ding is mei in reach fan rêst omspoun,
En frede lústert troch de stille sfear.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten