Troch séën skaet en lânnen,
Fier oan 't westerstrân,
Tink ik mei sucht en triennen
Oan dy, myn heitelân!
It wâllet troch myn herte
Mei ing'le harpgerûs
Tink ik oan dy, myn Fryslân,
En oan myn âldershûs.
Dêr blinke glêdde marren
Yn 'e sinneskyn,
Hwer 't ranke boatsjes driuwe,
Sêft dounsjend op 'e wyn.
En as de fûgels floitsje
Op fean en bou en sân,
Hja geije 't út fen wille
Yn dy, myn heitelân.
Yn 't beammeskaed biskûle,
Stiet ús âlde went;
In smouter plakje op ierde
Ha 'k nearne, nearne kend.
Dêr hat ús mem my widze
Sa sillich yn 'e sûs,
Dêr boarte ik oan hjar knibbel
Yn dy, myn âldershûs.
It wrede needlot twong my
By myn âlden wei,
En alles, hwet ik lieaf ha,
Liet ik yn Fryslân nei.
Dêr wenne alear in famke,
Der joech my herte en hân,
Nou rêst hja op it tsjerkhôf
Yn 't ynlieaf heitelân.
Lit my ek ienkear lizze
Yn 'e Fryske groun;
Foar 't my myn lân werom hat,
Hab ik nin rêste foun;
'k Wol oer de séën strûze
Troch stoarm en weachgebrûs,
En stearre yn 't âlde Fryslân,
Yn 't ynlieaf âldershûs.
Pieter Jelles Troelstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten