'k Seach soms myn libben oan dy kriichsfeint lyk
Dy't troch in heil fan tûzen kûgels roun,
Syn needlot folge oer bloedtrochpeazge groun
Op mjitgong fan in wyld en fûl muzyk.
De fjochter foar it frjemde en fiere ryk
Dat hy yn dreamen seach, dat nimmen foun;
En syn bismodze hân sloech woun op woun,
Syn rouwe foet wâdde oer lyk oan lyk —
Mar doe't de nacht it stjonkend slachfjild diek,
Hy 't kjirmjen hearde fan hwa't helpleas lei
En 't swijen fielde fan hwa't stjerrend foel —
Doe socht er taestend syn forlerne doel;
Doe flokte er hurd syn aventûr; doe briek
Syn hân bigriemd it stielen striidgerei.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten