Radbod, út syn lân forballe,
stoe oan 't noarder strân allinne;
Lyk in berch, mei snie oerditsen,
glinst'rjend yn de winterkljed.
't Heltelibben wier op 't antlit,
't leed op tinne lippen teikne;
En de rêch hie langst nei d' ierder,
deltreaun fen fortriet en jeld.
En sa stoe er op in klippe,
dy oer 't wetter hinne hinge,
Skoarjend op it brede kriichsswird,
dêr it ljocht as bloed op blonk.
Jounwyn boarte mei syn hierren,
weachjes mei syn byld yn 't wetter;
En sa stoarre 'r nei de sinne,
dy, omfliuesd mei wolken, sonk.
Mar do spriek er: „Sé, dou rôllest
rounom hinne, hwêr dest woste;
Lit dyn wylde weagen stouwe
nei 't bismodze Fryslân ta;
Tong're 't basterskaei yn d' earen,
det dyn lûd hjar 't hert toplettret:
„Radbod steart; hy flokt syn foltsen;
't heech Walhalla scil him ha!” ”
Do wier 't tsjuster; út de djipte
stiek de sé de krolle holle,
Gyng yn al syn krêft en greatme
Lyk in reus foar Radbod stean;
Spriek yn stoarmen: „Hweste sein hest,
wirdt folbrocht; tsjuch op fen d' ierde;
Ela, frije Fries! 't Walhalla
kenst as kening binnegean!”
Radbod naem it stiel, it trouwe,
det út âlde tiden stamme:
Swird, forgees hest spoeke yn Fryslân,
gleaun en wyld tsjin slaverij,
Biste flein troch tûzen helten,
as in wearljocht, keild yn 't beamte;
„Wij my nou ta Wodans wente;
bêste stalke, ik seinje dy!”
En hy foel… Do droane d' ierde;
sa fâlt d' iik yn Wodans wâlden,
As, fen ûnder tsjustre wynbrau,
't swird syn gleaune pilen scjit.
't Bloed sprong fleurich út syn tsjerker;
't krolle om 't stiel, as reade roazen,
Dy de faem, nei 't hjitte fjuchtsjen,
oer de winder saeije lit…
Wodan, fen de hege Hlidskialf,
seach him fallen: „Op, Walkyren!
Bring de Friezne kening harren,
d' earste en… lêste fen syn folk.”
En hja saeiden del op 'e ierde,
namen sêft him yn hjar earmen,
Dreauwen mei de helt omhegens,
goudglâns om in tongerwolk.
Wylts hja strûsden trouch de loften
songen hja fen eare en frydom;
Fen de striid — it nocht fen helten —
for yens lân en tael en wet;
Fen det godlik selsforjitten,
det him oerjowt oan syn lieafde,
Det, Thor's hammer faek yn hannen,
Baldurs lôge draecht yn 't hert.
„Dêrom”, rûsde 't, „scistou libje,
kening Radbod, yn 't Walhalla;
„Lûd, allyk de tonger boldert,
rint dyn namme oer neiteams strân.
„Dêr scil 't leffe folts for skrilje;
mar hy ropt yn helteherten
„Gleaune langstme op, om te libjen,
ja, to stearren for hjar lân!”
Pieter Jelles Troelstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten