donderdag 15 juli 2010

It wunder

Dû mei dyn djippe eagen
Dy't my biliezen sa rêd —
Fanke, de tiden teagen,
Foar har glidende weagen
Bistie ús dreambyld net.

Hoopjend in wûnder to finen
Ha wy togearre socht —
Bûten, dêr bearden de winen,
Bûten, dêr seagen wy skinen
Fier, in twiivlich ljocht.

Wreed wie dy joun; syn skaden
Fagen de hope út ús hert,
Hongen de iepene paden
Ticht mei har rouwe-kladen
En it wûnder kaem net.

Neijer spoun nacht om ús hinne
't Siikjen, it siikjen wie dien —
Nea soen' wy 't wûnder winne;
Wy bleauwen beide allinne
En binne skriemend gien.

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten