Oerstrjûre fûgel, siz, hwer wolstû hinne?
Sa nuet en willich yn dyn kouwe flein
Hast, út dat fûlbigearde sté fandinne
De wide loft fol blide lûden slein —
Fynst nou dyn finznis net mear moai en kein?
Bitink, dat der wol minder koukes binne:
In tek, dat hoedet dy tsjin wyn en rein —
Soest nou oerdwealsk dyn rêstich lok ûntrinne?
It ljurkje floddert efter traljes roun,
It kniest syn wjukjes bliedend op it stiel;
Bûten bôget de himel, blau en wyt —
En as it nearne in iepene útwei foun
Sit 't hymjend del yn finznis fan metiel
Nou wittend: 'k bin myn djûre frijdom kwyt.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten