In striid allinne makket hurd en kâld.
Jamk wie myn libben sterk, forheftich fjochtsjen;
Ik gyn allinne, om mei de falske wrâld
Oer 't skeel fan dream en wurklikheit to rjuchtsjen.
Mannichten foun ik ûnder 't feal biwâld
Fan ûnrjucht en fordoarne brûkmen suchtsjen —
Mar 'k seach dêrboppe, as stjerte oer dûnker wâld
De fakkels fan de iensme greater ljochtsjen.
'k Woe folgje nei de kriten dy't hja wiisden
Oan d' earme yn ierdske reagen fêst fortiisden
En 'k woe in ljocht yn wijde hannen drage —
Ik woe — mar fielde sels al sterk myn finzen
En wist my boun, en seach myn inge grinzen;
Doe haw ik oan myn God myn ûnmacht klage.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten