vrijdag 16 juli 2010

Kening Friso

Der wennet oan it wylde Noarderstrân
In Kening, âld, oerâld, mei hier, sa wyt
As d'iiwge snie, dy-t op 'e bergen leit;
Mar út syn eagen slacht de lôge yet
Fen 't libben, en syn stoere nekke draecht
In swiere holle mei skerp teikne troanje,
Mei tearen djip, dêr krêft en kriich yn wenje.

Dy âlde kening — Friso is syn namme —
Is net yn poarper klaeid; nin gouden stêf
Is yn syn hân as blyk fen hearskippije;
Nin keningskroan, mei gleaune stiennen ynset,
Stiet op syn holle; nearne stiet syn troan.
Nin wide sealen, dy troch pronk en prael
Yen d'eagen blyn slaen en dêr bounte hôfljue
Mei fine moadeglimkes nige en bûge,
Binn' yn syn hûs; nin hege toerren wize
Yen 't plak oan, dêr de greate kening wennet.
Ek siket m' om 'e nocht nei sterke legers
En keken ridders, lienend fen syn glâns
En dy weromjaend mei seisdûble rinte;
Ja, freget ien, hwêr hy 't biwâld oer het,
Nin minske jowt him op dy fraech biskie -
It is in kening sûnder steat en lân.

De tûke rekk'ners, dy-t nin foet forsette,
As 't net de longerige ponge baet;
t Earsuchtich foltsen, det in kening flaeit
En dêr for krûpt, om 't earme folk fortraepje
To kennen — litte Friso yn syn wêzen:
Dy-t net mei goud of ear bitelje ken,
Is dea for hjar.

                          Mar hwa, út d' âlde stamme
Fen Friso spruten, yet in herte het,
Det fêstsit oan d' ynlieawe heitegroun;
Hwa heger wille wit as 't goud yen jowt
En ealer doelwyt as yens egen eare -
Dy ken syn âlde kening net forjitte;
Mar stelt him fleurich ûner syn biwâld
En wijt folhertich him syn siele en sin.

Wol sûnder lân, mar lang net sûnder folk
Is d' âlde kening; tûznen frije Friezen
Bikenne hjar yet sa syn kleur en flagge,
Fen Flevo's mar ta 't sé-ompolske Sylt,
Ja, fier forspraet troch alle lânnen hinne.

En mannich heit ropt yn syn soanne herte
De lieafde for âld-Friso's deugden wekker,
Troch round en fry syn libbenspaed to gean.
En mannich mem hâldt oan 'e smoute hird
De sin for heitlâns ground en tael oan 't barnen,
As hja d' âld sizkes fen ús folk fortelt.
Ek wirdt yn mannich hûs de rom ophelle
Fen Friso's team yn bliere golle sangen:
Né, Fryslâns folk forjit syn kening net!

Ho scoest', o folk, him ek forjitte kenne?
Forjitst dyn heit, forjitst dyn lieawe mem?
Forjitst it plak, dêrtst' d' earste wille smakkest'
En dêrst' dyn earste triennen skrieme moast'?
Forjitst it tsjerkhôf, dêr dyn deaden rêste?
O wit, dy âlde, ieuwen âlde groun
Is 't tsjerkhôf, dêr dyn hiele laech yn rêst!

Né, nea forjitte! Heech syn rom ophâlde
Tsjin elk-en-ien, dy dryst syn keningear
To nei komt. Freamden fen syn eare oertsjûgje
Troch diedenm, dêr syn stoere sin út sprekt.
Thors hammer opnomd tsjin syn egen skaei,
As 't lef syn âlde lieafde húnje doar!
Sa scil ús kening sûnder lân en kraone
In heger ljocht as d' ierdske skyn bistrielje!

Kom, Fryske fammen, den! de moaiste blommen
Yn 't hier bifrissle; tsjuch de sneinspronk oan;
En, Fryske feinten, túch de hynzers op,
Ryd mei enoar d' âld kening yn 'e mjitte!
Poen, Fryske sjongers, dêr de snaren by.
Jimm' âlden, ek! tsjuch op nou allegearr',
Om kening Friso hou en trou to swarren.

Lit, wylst de weagen blier tsjin d' iggen brûze,
Jimm' blide sangen ta de wolken rûze;
Stean yn in kring, o Friezen, hân yn hân:
Us heechste wyt sy d' ear fen 't heitelân!

Pieter Jelles Troelstra

Geen opmerkingen:

Een reactie posten