Hoe krimpt de kym yn skimering
Us eagen dogge sear —
De roune kring, de roune kring
Lûkt om ;us eagen gear.
O, mei de waerme sinne yn 't hert,
Mei maitiids wyn yn 't hier
Forstiene wy de drôvens net
Dy't kleit oan 'e ein fan 't jier.
Hwant yn striids swierste sweveldamp
Bleau 't wûnder yn ús hert;
Yn hymjend-fûle wrakselkamp
Bijoed de moed ús net.
Us bleau dit hege witten by,
En yn ús siele 't song,
Dat ienris greatsk de nije Dei
It feale hjoed forkrong.
De dei, dy't men bimymrje doarst,
Mar neame, neame nea;
Wylst dream op dream forbliede moast
En sinke yn skiere dea.
Wie fan ûnthjit de loft soms glean
En lûd fan lok de wyn —
Hwat is ús earme herten bleaun?
't Neitinken oan in skyn.
Troch weagen fan 'e tiid omspield
Wurd' w' yn har rûzjen wei;
Wy hawwe ús inge grinzen field,
Wy eagje ús dreamen nei.
En fan ús hollen wykt it ljocht
En lit ús Nacht ta bút;
Hwant hwat ús langjend herte socht
Leit fier ús grinzen út.
Hoe krimpt de kym yn skimering,
Us eagen dogge sear —
De roune kring, de roune kring
Lûkt om ús eagen gear.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten