Fan Jins bistean en greatens wist ik wol,
Jins hill'ge boeken hie ik earnstich lêzen;
Ik seach de wrâld fan al Jin swûnders fol
En 'k twiivle nea oan d' iivgens fan Jins Wêzen.
Dochs, hwer ik wrâldske lok syn rikens gol
Myn sjen liet troch syn myld bimielle glêzen
Tocht ik Jo einlear fier; in wetterfal
Fan reinbôchstrielen om Jins troan biferzen —
Mar as my 't minskdom wreed-fijânnich wie,
De wrâld my pynlik reade wounen sloech
En flokte omt ik net knibb'le foar har byld,
Doe wist ik, dat 'k Jo by en yn my hie;
Dat my myn krêft en greatske rêstgens joech
Jins stille laits, yn 't egen herte field.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten