Is nou myn leafdewaen fordwoun
En sloech myn wrede dwaen in woun'
Yn 't tearste fan dyn siele —
O, flok my net! myn hert forbliedt
It fielt dyn smert, dyn fûl fortriet
En 't kin dy net skewiele;
Hwant wier, ik hearde nea by dy,
Us flechtge dream is dea en wei,
't Is better dat wy skiede;
En trillet ek myn fêste hân
By 't brekken fan de lêste bân,
'k Mei my net wer biriede;
Mar lykwols sit ik driigjend stil
En wit net hoe't ik riigje sil
Dy wurden, kâld as stiennen;
Myn geast oer fiere weagen tsjocht,
Myn each dyn bliere eagen sjocht
Fortsjusterjen yn triennen —
Kom, wês nou sterk, myn skiedend hert!
En kear myn wize dieden net,
Dû, dy't om andert fregest,
Dû brief, har lêste leafdeblyk,
Dy't as in ding út 't deaderyk
Dêr yn myn hân forwegest…
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten