donderdag 15 juli 2010

Net freegje

Beam, ho mijden de fûgels sa lang
Dyn krune, togoaren in hôf fol sang?
En ho sa hommels nou binne
Dyn tûken libbene brokken muzyk
En is de hearst oan sangen sa ryk,
Sa blier yn 'e skiedende sinne?

Freegje, frieunen, ei freegje 't my net;
Mar freegje 't oan jimm' egen hert,
En lit de fûgels mar floitsje
Salang it sjongen hjar barre mei,
En harkje der út-en-troch ris nei,
As jimme hjar sangen formeitsje.

Skynt de sinne yet oer myn lôf,
Mei koarten fâlle de blêdden ôf —
Den scil de winterwyn komme,
As 't fûgelt stil yn syn herntsjes sit.
Salang jow' de hearst oan sangen yet
Al hwet de simmer forsomme.

Pieter Jelles Troelstra

Geen opmerkingen:

Een reactie posten