woensdag 14 juli 2010

It Jonge Fryslân

Nou wolle wy mei sang en klang
It bloisel fen ús herte
Op 't alter fen it heitelân
As earsteling-aeffer sette.

Yn d'âlde tiid droech 't jongfolk graech
De swiere gleaune swirden;
't Wier hjar in ear, for 't heitelân
't Yn striid en noed to hirden.

't Wier hjar in njue, jin oarmans krêft
For d' erfgroun mânsk to striden;
It wier hjar rom, for 't heitelân
Op 't slachfjild dea to blieden.

Yn mylder tiden libje wy;
Us bloed hoecht net to streamen;
De frydom fen ús heitelân
Heart ta forfleine dreamen.

Mar foel it ryk fen Fryslân wei,
Dêr-t freamden lof fen telden,
Yet libben yn ús heitelân
It neiteam fen dy helden.

Yet libbet d' âlde Fryske tael
Op tûznen Friezne tongen;
Yn hjar hat mannich Fries fen al
Hwet goed en wier is, songen.

En wol fen 't Suden ek in sé
Fen freamdsin ús oerdekke,
De tael bliuwt ús in fêste hâld:
Hja scil dy weagen brekke.

Dos wolle wy mei siele en sin
Us oan dy sprake wije,
En — moat it — for hjar rom en ear
By Fries en Unfries lije.

Sa scille wy, lyk as by âlds,
For 't lieawe heit'lân fjuchtsje;
En earst de kâlde, stomme dea
Scil disse kamp bisljuchtsje!

Pieter Jelles Troelstra

Geen opmerkingen:

Een reactie posten