Myn ljeave mût'le jonge,
Ei! kibje net sa fel.
Ik scil in sankje sjonge:
Myn boike! jaen dy del.
Knyp dou dyn ljeave eachjes,
Dyn mûzige eachjes ticht
En wiggelje as de weachjes
Mei 't reid oan 'e wettersich.
Dou hast' nin soarch ef kommer,
Dou witst' yet nearne fen.
Dyn widze is dy nou rommer
As 'e wrâld dy wirde kin.
Dou haste in bûkfol tate,
En mem dy hat wol mear.
Och! lit dy mar biprate;
Sa'n sliepke docht net sear.
Dou kinste ek swieter slomje
As mannich stumperke docht,
Dy yn 'e widze forklomje,
Dêr moer noch minske nei sjocht.
Dy lytse earme hertsjes,
Dy sloofkes haww' 't net bêst:
Hja lizze yn fodden en flardtsjes,
En dou yn in waerm nêst.
Dou haste it folle better
As mannich prinske it het;
Dy wirde net tsjokker en fetter
Fen al dat swiete banket.
Dy hawwe in frjemde minne,
En keapje hjar tate for goud;
Dou haste dyn ûrkes allinne
For tútsjes, myn ljeave bout!
En wirdste den to wekker,
En rekste dyn earmkes út,
Den smakket 't dy sa lekker;
Dêr is it ein fen út.
Den tilt dyn mem 't girdyntsje,
It tsjustre girdyntsje op,
En kipet as poes yn 't spyntsje,
En gizet mei hjar pop.
Den tilt hja dy út 'e glûpe,
En triuwket en tutet dy sa;
Den meistou hjar oankrûpe,
En sobje en knobje mar ta.
Myn ljeave mût'le jonge,
Ei! kryt mar net sa fel.
Lit my net langer sjonge:
Myn boik! jaen dy del.
Eeltsje Halbertsma
Geen opmerkingen:
Een reactie posten