Al hwa't Dyn lûd bilústrje wol
Moat út 'e wrâld fandinne —
De minsken roppe troch Dyn lûd
Har skrille wanlûd hinne.
Al hwa't Dyn tael bilústrje wol
Biheart Dyn stim to kinnen
Om djûre skat fan stil forhael
As noat út tsjêf to winnen.
Dy learde, dat Dyn geast net sprekt
Hwer't macht en greatme troanet;
Hwer't mânske krêft in mânsker brekt
En sels him kening kroanet;
Net, hwer't de bline blidens geit
Mei drôve, deade eagen
Oer skynlok dounset, en jûchheit
By libbens leed en leagen;
Mar dy't Dyn lûd bilústrje sil
Forteach fan wrâldske wegen;
Dy kearde ta Dyn stiltmen yn,
Leafde yn syn siikjende eagen.
Dy learde, dat Dyn stimme groeit
Hwer't alle lûden stoaren,
En dat hja ljochtsjend iepenbloeit
By 't wyljen fan de oaren.
Hy, dy't Dyn wijde tael forstiet
Dyn stille sprake kenl;
Hwaens heechste en iennichste geniet
Is yn Dyn each to sjen,
Forstiet de wrâld syn bidden net
En slacht har spot him nei —
Oerglimke fan Dyn seine giet
Er syn ûnskeinbre wei.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten