zaterdag 17 juli 2010

Op 'e hichte

Faek wie ús swalkjen moedsum wol en swier
Doe't w' elts allinne ús wei yn 't libben sochten;
De wrâld ús frjemd, de himel sletten wie,
't Unwitten doel wy jimmer fierder tochten.

Us wonken idéalen, godlik, fier;
En wylst w' ús djûrste en smertlikste offers brochten
Ealgen wy sels net hwat ús einwyt wie;
Dat wy om leafde' stille wûnder sochten.

Oant op ús paed Gods sêfte ingel kaem,
Us, wurgen, ûnder feilge wjukken naem,
En brocht hwer't leafde's alterfjûren lôgje;

Hwer't lette twivels yn har ljochte brân
Fortarre, en wy, as winders, hân yn hân,
't Bitiisd forline as fier, as hiel fier skôgje.

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten