zaterdag 17 juli 2010

Pylgers

Wisten w' ek net, hwat wyt ús beide winke
Wol ealgen wy, dat it itselde wie;
Hwer't ljocht fan iivgens diizge tiid trochblinke
Dêr roun ús paed; wol ienlik, steil en fier

Mar dochs, dochs rjocht. Lit smelend fan ús tinke:
'Twa núvren; frjemde sin en wrâldske swier,'
Hja, dy't út libbens lije sleatten drinke,
Hweam d' iivge wyn nea spile troch it hier -

As pylgers nei Gods fiere, goudne lânnen
Dy't nei syn dûzeljende hichten eagen

Hwer't wy troch libbens grousme djipten teagen,
Hâldend ús hope yn wreedbiblette hannen;

Fan 't waechsjend lok wy jit gjin witnis hiene;
Dochs fielden wy dat wy togearre wiene.

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten