vrijdag 16 juli 2010

In dream

'k Wie wier en iepen dochs, doe't ik dy sei
Myn leafdewurden yn dy stille stoun
Doe't hiel de wrâld sa wiid to rêsten lei;
Dû witst it ek wol — 't wie in hill'ge joun.

Us sielen sprieken doe't ús mûlen swei;
En 'k miende, 'k hie dy hiel myn herte jown.
Binne eagen net oprjocht as ljochte dei?
Siz, hast dou yn myn eagen twivel foun?

Doest gien wiest, haw 'k earbiedich dy bitocht;
De skatten fan dyn leafde hold ik fêst
As moaije dreamen yn 'e iere moarn —

Mar doe't 'k myn hannen iependie yn 't ljocht
Hie 'k neat mear — Is 't in sinbitsjoening west?
Sa is myn leafdedream my stil ûnstoarn.

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten