donderdag 15 juli 2010

De wolkem

Al ôf en al oan
Syl 'k driuwende gâns
It himelwiid lâns,
Lofts dounzige soan —
'k Haw moarnstiids myn wacht
As, by 't skieden fan nacht,
Myn kening, de sinne, forriist
En mieden en beamt
Mei syn fjûrfloed oerstreamt
En de sé yn syn strielen bitiist.
Syn suvere pea
Roert myn húv'rjende lea
En syn blidens trochbounzet myn bloed,
Mar stil as de dea
Stean ik roazich en rea
Yn't ljocht fan syn lôgjende moed.
Sa, klaeid yn syn klaed,
Fan de seine oerspraet
Dy't syn each oer myn dimmenens geat,
Gean ik glânzgjende foar
Troch de goudene doar
Dy't de moarntiid myn kening ûntsleat
Sjoch, de ierde wurdt ljocht
Fan ús strieljende tocht;
De stjerren torane yn 't blau —
En de de gersgreiden lân
Leit de wûndere glân
Fan ljochtfûnken sjittende dauw'.
Nou draecht my de wyn
Ta de loftromten yn,
Syn feestlieten rûzje my foar;
'k Sjoch flechtich myn byld
Dat oer 't wetterwiid sylt,
Forlern yn har noegjende koar —

Dan riizje út 'e kym
Yn har driigjende grym
De dûnkre bistoarmers fan 't ljacht;
En it skaed fan 'e hel
Spriede yn hate hja del,
It deadlike klaed fan 'e nacht.
Har glânsleaze kloften
Oerhearskje de loften,
De dea skout it libben foarby —
En griljend en kâld
Leit de triljende wrâld
Frjemd yn 'e ljochtfrjemde dei —

Mar al kin 'k him net sjen,
Ik wit my syn bern
Dat allinne út syn leafde bistiet;
En al driget har kwea
My mei dûnkere dea,
Dochs núndret de wyn my syn liet;
Foar myn langstme sa great
Riist in skimerjend read —
O, ik sil yn Syn oantlit wer sjen!
En ik driuw as in bea
Yn dat kliuwende rea —
It Ljocht hat my wiid ta syn bern.

Siikjende, tsjustere,
Leedzje-forbjustere,
Sleine fan stoarmen en ûnk —
Djip yn dyn herte
Draechst fan dyn berte
De ivige, ûndwêstbere fûnk.
Tiidlik it stoarmjen,
Tiidlik leeds doarmjen
Tiidlik Deads dûnkere macht —
Ivich Gods minne,
Ivich de Sinne,
Ivich it winnende Ljacht!

Al ôf en al oan
Syl 'k driuwende gâns
It himelwiid lâns,
Lofts dounzige soan —
Haww' skaden en dize
Myn klaed ek forgrize,
Bin ik ien fan dit dûnkere folk,
Is it nacht hwat ik sjoch —
Ik wachtsje him doch,
Swijend, in biidzjende wolk...

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten