Ne forte credas interitura quae Verba loquor socianda chordis.
Horatius
Ik sjong net for de dei fen hjoed,
Mar, neiteam, ek for jimme.
Jimm' scille, nei myn dea, myn lûd
Yn ear en hert fornimme.
Myn harp wirdt stom, ik sink yn 't grêf,
En 't gêrs waechst oer my hinne;
Mar, lit it stof forwirde as tsjêf,
De geast bliuwt, as de sinne!
As Fryslâns folk syn tael forjit,
Den scil in gonger komme
Dy gromjend yn de nacht roungiet,
En 't basterskaei fordomje.
't Hôlgromjend skynsel, det bin sik!
My scil nin berg forsette.
'k Slach, mei de swipe fen 'e skrik,
It bloed jimm' út it herte
En is hjir den in dichterhert,
Jong brûzend lyk as mines,
Him siz ik: „Op! for tael en wet!
Nim oan, myn harp wird' dines.”
Pieter Jelles Troelstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten