Silst nou troch de stiltme komme,
Driuwende as in wite dou?
O, dû witst dochs, dat dyn jonge
Nea sa iensum wie as nou —
Lit nou sêft myn holle lizze
Oan it weagjen fan dyn boarst,
Lit dyn eagen dingen sizze
Dy't ik nea bitinke doarst.
Briek ek alles oer myn holle,
Liet my 't libben noch sa leech,
Hiel myn earm bistean kinst folle
Ut de djipten fan dyn each.
Swevest nou de sûmbre hôven
Fan myn frjemde wémoad yn,
Dat ik út dit dûnker drôve
Wer dyn kleare keinens fyn?
'k Wol om dy allinne tinke
As myn suverste bisit,
'k Wol de mylde togen drinke
Dy't dyn trouw treast my jid.
Al myn idéalen sûnken,
Bûgden nei de dûnkre groun,
't Wrede libben hat de fûnken
Dôve, dy't ik laitsjend foun;
Woe de wrâld myn greatskend brekke,
Spoun myn twivel yn syn jern —
O, lit dan dyn eagen sprekke,
Tear, as tsjin in skriemend bern.
Leafste, wie ek alle leagen,
Lei myn sterke krêft yn bân;
Lit my 't ljochtsjen fan dyn eagen,
Lit my 't kuoljen fan dyn hân.
Mei myn wurge holle rêste
Oan it weagjen fan dyn boarst,
't Is myn leafste lok, it bêste
Dat ik ea bitinke doarst.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten