It lôgjend ljocht fan libb'ne dei fordwoun,
't Rounom is fol stil-sûzjend jounsgeroft
En oan leech-bôgjend-skimerige loft
Binn' kleare kleuren yn it griis toroun.
Dy loft, al ljocht en libben en muzyk
Doe't sinne 't deifeest oer de fjilden fierde, —
Nou't net in striel mear glydt oer biidzjende ierde
Naem dûnkre wémoed har as keninkryk.
Dû bist, in sinne, yn myn libben rize;
Myn wêzen waermest mei dyn mylde strielen
Al ha 'k dy nea lûd en útlitten prize —
Sa moatt' wy, earmen, 't moaiste hjir forlieze
Sa moast it skiedend lot ús lok forniele,
Sa wurde ús ljochten wei yn nacht en dize.
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten