útbrocht op Waling Dykstra, yn 't Studinte-Selskip „FRISIA” to Grins.
Yn Holwert wenne alear in man,
Hwaens greate namme yette
Biwarre bliuwt yn 't Fryske lân,
Hwa scoe dy namme n't witte?
't Wier Bernlef, dy nêst tûzen jier
Dêr yet de snare poende,
En sa'n bitûfte sjonger wier,
Det hy mei sangen tsjoende.
It jongfolk mocht syn wûndersang
Oerib'le graech oanhearre;
It fammehertsje sloech sa bang,
As hy yn toanen, djip en lang,
Fen lieafde en trou or'nearre.
En wier in faem faek dwers en stiif,
Den moast de sjonger komme;
Dy song hjar wille in nocht yn 't liif,
Ut wier de pine en 't ûngeriif,
It hertsje yn sêfte slomme.
En moast it kriichsfolk yn 'e striid
Tsjin Karels wylde ljuwe,
Den song ús maet it heechste liet,
En 't klonk oer 't lân en 't rûzde oer 't wiet,
„Fry moatt' de Friezen bliuwe!”
In hopen hiene net sa'n nocht
Oan Bernlefs dwaen en praten;
It wier in man fen 't nije ljocht:
Hja hiene 'm yn 'e gaten!
Hy helle ek út it spylark faek
Hwet oars as weake rimen,
It tongere dêr sims omraek,
En mannich glûpske, kliemske snaek
Dy rekke 'r fen oan 't swimen.
De dommens siet er op 'e kop
En divels koed er banne,
Hy socht se, as 't moast, yn 't bedsteed op
En jage se yn it sâlte sop,
En rôp: „Smoar, swarte Hoanne!”
Dy Bernlef stoar foar tûzen jier;
Min koe him net forjitte.
Nou sjongt in oar op 'e âlde swier
In nije sang, sa roun en wier.
Hwa scoe syn namme n't witte?
Dêr sjongt in Fries fen 't âlde laech
Wer for de Fryske fammen;
Hja hearre nei syn sang sa graech,
Hy set hjar 't hert yn flammen.
En lit er oer it Noarderstrân
Syn fryheitssangen driuwe,
Den rûst it yette oer 't Fryske lân:
„Fry moatt' de Friezen bliuwe!”
Hy is in man fen 't nije ljocht:
It âlde is him to tsjuster.
De dommens het oan him gjin nocht,
Hy het altiid nei wierheid socht
En rekke 't paed net bjuster.
Hjir sit de man, dy Bernlefs sang
Yet neisjongt yn ús tiden;
In fijan fen 'e geaste-twang,
In stoere helt yn 't striden.
Kom, frije Friezen, bring ris om,
Lit op dy man ús drinke!
De romers fol! Kom, Friezen, kom,
Op Waling Dykstra's eare en rom
Mar fleurich, fleurich klinke!
Pieter Jelles Troelstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten