zaterdag 17 juli 2010

It nije

Ik doar net ealgje hwat
My barre sil;
Tusken drôf en bliid
Biidzje ik stil.

Is 't lok of leed?
Ik wit it net —
Mar grif eat greats komt oer
Myn iepen hert.

Hwat 'k winske en woun
Ik wit it lyts enmin;
Mysels in bern
Yn libbens oanbigjin.

Myn wil, myn leafde
Is earm en krêfteleas;
Ik wie it sels net, dy't
Dit libben keas —

Ik bin in bern
Dy't ien hwat tasein hat;
Ik tink it oer,
Mar 'k bin forgetten, hwat.

Ik komt nou, wis -
Myn siel leit biidzjend, stil,
Yn mymrjend freegjen, hwat
It wêze sil…

Fedde Schurer

Geen opmerkingen:

Een reactie posten