Fanke, lit ús nou ris draeije,
Draeije en swaeije wyld yn 't roun!
Lit ús lâns de minsken waeije;
't Is sa'n moaije merkejoun!
Stap mar yn!
Foar de wyn
Scil wy blij dêr hinne driuwe
Mei dy fleurge Fryske ljuwe.
Famke, kom, yn disse bak
Sitte wy op ús gemak.
't Oargel spilet moaije wizen;
Eltse merkegast sjongt mei.
Alde wyfkes, stoere Friezen
Draeije nou de soargen wei.
Hwet in tier;
Los en blier.
Hwet in laeitsen, gobjen, sjongen!
Hwet in nocht for âld en jongen!
'k Sjoch it, d'eagen fjurkje dy.
O, ho noflik sitte wy!
Skippersfeint mei skippersfanke
Lizze nou ris loddrich oan;
Simens Jan mei bûrmans Anke
Kinne joun ek wakkre skoan.
Alles swaeit,
Alles draeit!
Al it jongfolk is oan 't swieren;
't Bloed fljucht as in blits troch d' ieren.
Fanke, mei myn earm om dy
Bin ik och sa blier en blij.
Foart mar, foart mar! gleskes blinke,
Ljochten, stjerren glânzje yn 't roun.
Al de wrâld mei my ûntsinke
Op sa'n moaije merkejoun.
Foart mar, foart!
Hirder, hird!
Fanke, mei dy oan de side
Woe 'k sa wol de wrâld út glide;
'k Woe wol draeije, hei sa sa,
Oan in oare merke ta.
Pieter Jelles Troelstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten