zaterdag 17 juli 2010

Hetsjemoi

Hetsjemoi wier sechstich jier,
— 't Jongste wier der ôf! —
Ronflich 't fel, en griis it hier,
En dêrby hwet dôf
Do-t hja faem wier, jong en derten,
Hien' de frijers hjar forgetten.

't Kin al mâl, seit jamk myn heit,
En det 's siker wier;
Hetsjemoi waerd yet de breid;
Breid fen sechstich jier.
En hja boaske, kin 'k fortelle,
Mei in âlde widner, Jelle.

Bodsjend strample er oer it paed,
Gammel, âld en stiif;
Do-t er sa krebintich waerd
Tocht er om in wiif:
Hwent hy koe him net mear warre;
En in faem — det mocht net barre!




't Wier in moaije simmerjoun;
Hetsje skim're hwet,
Lykme allinnich; op 'e groun
Sliepte in skiere kat.
Oer de griene fjilden trille
't Lêste sinneljocht fol wille.

Hetsjemoi, de hannen gear,
Seach ta 't finster út;
En de tank oan God de Hear
Blonk hjar d'eagen út.
En de strielen fen de sinne
Dounsen, boartene om hjar hinne.

Dêr kaem Jelle-om oan de doar;
Hja rekke út 'e sûs.
Heal forbjustre kaem hja foar;
Hy gyng yn 'e hûs.
Gau wier'n kopke en pantsje helle,
En dêr siet ús âlde Jelle.

Deales wirk; syn mûledoar
Siet mar fêst op 't slot;
't Hege wird det siet 'er foar;
Mar it waerd net flot.
Do-t er op syn dré wer rekke,
Sei er: „'k Woe jou efkes sprekke.
 
„Jy en ik, wy wirde al âld;
't Rint nei 't alderlêst;
Ja, sa giet it yn de wrâld,
En det is ek bêst.
Mar, foar 't wy oan d' ein ta reitsje,
Kinn' wy 't ús yet nochlik meitsje.

„'k Heukerje sa'n tweintich jier
Al allinnich om;
Mar det wirdt my nou to swier;
'k Ha 't sims neat to rom.
Gau bin 'k wirch en ôf; hwent wrammels,
'k Stean net fêst mear op myn skammels.

„En it libben, det jo ha,
Is ek alles net!
Dêrom — 't liket mâl — mar ja,
't Moat my nou fen 't hert:
Lit ús, foar 't w' alhiel forslite,
Yet de fodden by 'noar smite!”


Do wier 't stil in amery;
Fier oer greide en bou
Sonk de sinne yn 't Westen wei;
't Swirk wier suver blau.
Hetsjemoi, hwaens eagen blonken,
Like yn al dy pracht forsonken.

Nou, det dûrre dêr sa hwet;
Mar op 't lêst sei hja:
„'t Komt sa hommels my oer 't mat;
'k Mat bitinktiid ha.”
„Dat is bêst,” sei Jelle-omme,
Scil 'k den moarn mar wer ris komme?”

Det wier goed; en Jelle foart:
't Waerd him dêr to near;
Hwent in hammerke yn syn hert
Sloech him wakker sear.
„Moat det sloaf,” klonk 't yn syn herte.
„Diel habbe oan dyn soarch en smerte?”

Gau is nou de lampe al op
Yn de lytse went;
Hetsje slacht de bibel op,
't Nije Testament,
Det it bêste minske ús eren
Neiliet om er út to learen.

Hin, 't âld minske blêddet om
Yn det heilich Wird:
En hja lêst, en 't wurdt hjar rom:
't Tsjuster wirdt toskûrd.
„Lieafde,” lêst se, „is 't heechste en bêste,
Lieafde is 't earste en 't alderlêste!”

— Wippe 'r ingels yn de flecht
Efkes by hjar oan?
Pronkje s' âlde Hetsjen op
Mei in himelkroan?
Strielen struije s' om hjar hinne;
Ljocht, sa suver as de sinne! —

„Tank, o Hear!” seit hja op 't lêst;
'k Scil myn bêst wol dwaen,
Om him by syn soarch en lêst
Lieafde en treast to jaen.
'k Scil yn 't goeddwaen nea net rêste;
Lieafde is ommers 't heechste en bêste!”

D'oare jouns: „Der wier 'k al wer,”
Sei âld Jelle-om; „nou,
'k Scoe my goed bitinke, hear!
't Bêste is fen my ou.
Wol jo mei my oer de planke?
Mannichien hie daelk bitanke.”

Glimkjend sei hfa „'k Nim it oan;
'k Bin det libben ba
Op my sels; wy kinne 't skoan
Mei ús beiden ha.
„Wy kinn' 't wol togearre fine,”
Sei de kreuple jin de bline.”

Do 't dit nijs bikind waerd, sjuch,
Lyk as diggelfjûr
Fleach it tel de bûrren troch;
Mannich gobbe er oer;
En de wyfkes, jonge en âlde,
Koen' de mûle er net fen hâlde.

Nou, hja troud'n yn 't lêst fen 't jier;
't Fjild wier wyt en kâld;
Mar de sinne ljochte blier
Oer dy keale wrâld:
Sa barnde ek yn Hetsje siele
'n Hearlik ljocht mei suvre strielen.

Hetsje húske kamen s' yn;
't Oare waerd forkoft.
Earst gyng 't wakker foar de wyn,
En det dûrre in skoft;
En, wier Jelle-om simms seurich.
Hetsje makke 'm wol wer fleurich.

Mar de simmer wier yn d' ein;
Herstwyn skûrde oer 't lân;
Unwaersboijen, stoarm en rein
Hied er yn de hân.
Jelle siek; de minsken seijen:
„Nou bigjint for Hetsje 't lijen.”

Sint dy tiid hat d' âlde man
Nea net soun wer wêst;
D' ein wier fen syn lijen wei;
Hetsje hie nin rêst.
Mar al mocht hja skrippe en skûrre,
Jelle-om grynde en grande en gnoarre.

D' âlde bodder waerd sa koart
As in hiemhoun; stiif,
Stymsk en noartich; 't wier in lot
For syn warber wiif.
Mar hja bleau der fleurich ûnder,
Soun en sterk; it wier in wûnder!

't Waerd al minder: tweintich kear
Rôp er op in dei:
„Hetsje, 'k liz my wer sa sear!
Gean net by my wei!”
Tweintich kear kaem 't âlde minske.
En forlei him, sa-t er 't winske.

Drankjes koed er net mear ha;
't Holp dôchs ek nin bean.
Hetsje, det getsjirm al ba,
Liet det gûd mar stean.
En hja sei: „For jou is 't bêste
Drankje: in steech gedild en rêste.

„Jo ha dôchs net om 'e nocht
Libbe op disse wrâld?
't Hat jou dôchs hwet fierder brocht? —
Wirdt in minske âld,
O, den kin er wol tofreden
Wêze yn ûnk en swierrichheden.

„'t Skipke silet earst sa blier
Dryst de wrâldsé yn;
Alles liket fleur en tier;
't Is in bêste wyn!
Komme 'r letter swiere boijen,
O, det 's earst in hopen lijen.

„Njunkelytsen wirdt det oars:
Fêster wirdt de hân,
Dy-t it roer fen 't skipke hâldt;
Krasser is 't forstân.
Greater mei de stoarmen wirde,
Stjurman kin 't nou hiel wol hirde.

„As er den de lêste ich
Frieunlik gloarjen sjocht,
En syn reize oer libben's sé
Koarts al is folbrocht,
Scoed er den yet grine en kleije
Om 't sa wyld de weagen jeije?”

De earme bodder seach hjar oan:
„Jow my dôchs dyn hân;
Hetsje, wiif, wy habbe 't skoan
mei ús beiden hawn.
Dou forsoargest' my yn 't lijen,
Sûnder ea dy sels to mijen.

„Frieunlik sintsje fen myn joun,
Moantsje fen myn nacht,
'k Hab yn dy in herte foun,
Det fol lieafde slacht.
Bêste siel, dou heste wakker
Skript en wrot for d' earme stakker!

„'k Wier yn 't lêst hwet al to hird,
Al to koart jin dy;
'k Sei sa mannich noartich wird;
O forjow it my!”
Hetsje, dy-t oan 't kriten rekke,
Sei: „Der mastou net fen sprekke,”

Neijer kaem de dea, en song
Fen in lân fol njue;
Alles, hwêr syn herte oan hong,
Fou er dêr sa rjue.
Stearrend drôge er fen in libben
Sunder leed, mei al syn sibben.

Sa forgiet de hope nea
Yn it minskehert;
Sels yn 't kampjen mei de dea
Steart dy hope net.
Mat hja disse wrâld forlitte,
Oer it grêf, dêr bloit hja yette.

O, in dream is 't libben dôch,
En it dream de dea!
Dreamend is me hjir in toch,
Dreamend giet me dea.
Alde dreamen mei' forstouwe,
Iwich scil me nije bouwe!



't Is wer simmer, 't is wer joun.
Foar it finster sit
Hetsjemoi; 't is stil yn 't roun;
Hiel natûre bidt.
Dauwe dampet fen de greiden,
Fûgels tsjotterje yn de reiden.

Fier oer 't fjild sjocht, waerm en rea,
't Sinke Hetjsjen oan;
't Kleed fen dauwe om 'e lea,
't Slûge sintsje bûgt it holke, en
Winkt hjar ta út gouden wolken.

„'k Bin sa slieprich, 'k jow my del
Yn it koele bêd;
'k Bin sa wirch fen 't deiske wirk,
'k Bin it reisgjen sêd.
Swiete slomme scil ik smeitsje,
Dreamen scille my formeitsje!

„Hastou ek nin sin oan rêst?
Kom, o kom den, ju!
Libben is it selde as lêst;
Rêst it selde as njue!
Scoestou, âlde, yette weitsje?
Sliep, wy wolle wille smeitsje!”

Hetsje glimket, o sa blier.
Oer hjar ronflich fel
Ljochtet sinneskyn fol tier…
D' holle fâlt fordel.
D' eagen ta for d' iiwge slomme…
Súntsjes — súntsjes&hellip „Ja, 'k scil komme!”…

Yn it smoute bêd der sé
Krûpt de sinne wei;
Hiel natûre leit yn fré
Nei de swiere dei.
Golle frede is ek to lêzen
Yn de loaits fen Hetsje wêzen.



Do-t me kaem de oare dei
Foun me Hetsje dea.
„Hearink, Hetsjemoi is wei!”
Sei men yn it gea.
Nei 't hja hjar nei 't hôf ta brochten
Wiern' er gjin, dy-t oan hjar tochten…

Mar dou libbest yn myn liet;
Libbest yn myn hert.
Oaren stypje yn leed en striid,
Wier dyn hege wet!
Om dy selme tochst' it lêste;
Lieafde wier dy 't heechste en bêste!

Mannichien poft op syn jild,
Oaren op forstân;

Oaren siikje in hege steat,
Ynfloed yn it lân.
Hwêr binn', dy 't oan Hetsje lykje?…
Riken, learden, greaten — SIIKJE!

Pieter Jelles Troelstra

Geen opmerkingen:

Een reactie posten